Antonio en Enise: "Wy binne normaal mei slachtoffers omgien"

02 mrt 2015 - 16:22

Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. fine dat se normaal mei harren slachtoffers omgien binne. Dat seine se moandei by de rjochtsaak. De twa oerfallen en gizelen ferline jier in tal minsken op in wikenlange rôftocht troch Nederlân. Se brûkten in soad geweld. Neffens harsels kaam dat omdat de slachtoffers net goed meiwurken.

Ien fan dy slachtoffers, in frou út Meppel, waard twa kear mei in mes stutsen, omdat se de pinkoade fan har klûs net jaan woe.

Enise B. hat de frou mei in stâlpantsje op de holle slein, omdat se hysterysk wie. 'Mar wy hawwe ek wol meilibjen betoand. Wy binne yn dy sin net ûnminsklik', sei Enise B. moandei foar de rjochter.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)