Ryk en provinsje helpe Waadeilannen by regels en belied

02 mrt 2015 - 16:09

De Waadeilannen hawwe nije ôfspraken makke mei de provinsjes en it ryk oer regels en belied. Doel dêrfan is dat de eilannen út harren eigen bysûndere posysje wei dogge wat se as gemeenten dwaan moatte. Dêrby krije se help fan de provinsjes en it ryk. Dy hawwe tasein dat sy soargje sille foar ien en deselde set regels en belied foar alle eilannen, want dy is der noch net.

It bysûndere oan dit konvenant is dat it eilân Teksel en de provinsje Noard-Hollân de ôfspraken dizze kear ek ûndertekenje.

Trefwurden: 
Waadeilannen regels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)