VVD ferklearret Hearrenfean ta wynmûnefrije gemeente

Tjeerd Waterlander en Zwany van Brussel © VVD
De VVD-fraksje yn Hearrenfean hat de gemeente útroppen ta wynmûnefrij gebiet. By ferskate doarpen binne moandeitemoarn buordsjes ûntbleate dêr't op stiet dat yn de gemeente gjin plak is foar wynmûnen.
Neffens de fraksje binne de measte minsken net foar wynmûnen omdat se foar in soad oerlêst soargje foar bewenners. Dêrneist soenen de huzen minder wurdich wurde, en de wynmûnen soene net yn it lânskip passe.