Arrestaasje kaam Antonio en Enise oer it mad

02 mrt 2015 - 13:52

Harren arrestaasje yn Dútslân kaam foar Antonio van der P. fan De Harkema en Enise B. as in ferrassing. Dat sei it kriminele duo dat bekend stiet as Bonnie en Clyde moandei foar de rjochtbank yn Assen.

De twa hiene net troch hoefolle opskuor oft der yn Nederlân ûntstie troch harren gewelddiedige rôftocht. It stel wist ek net dat de plysje yn Dútslân nei harren op syk wie.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)