Museumstikken op de foto set foar ynternet

02 mrt 2015 - 12:44

Keunstleafhawwers hoege oer in pear jier de doar net mear út om Fryske topstikken te sjen. De kommende jierren wurde sa'n 150.000 stikken op de foto set, beskreaun en op ynternet set. Oan it projekt fan ûnder oare de Museumfederaasje Fryslân dogge tritich Fryske musea mei. It projekt smyt wurkgelegenheid op. De skatting is dat it digitalisearjen fan de Fryske keunst 50.000 oeren wurk opsmite sil.

Wurknimmers fan de dielnimmende musea krigen moandeitemoarn by Tresoar de earste ynstruksjes oer wat harren te wachtsjen stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)