"Mear boeren moatte oan de asbestregeling"

Der wurdt fierste min gebrûk makke fan in provinsjale regeling om dakken mei asbest te ferfangen. Dat sei deputearre Jehannes Kramer moandeitemoarn by in wurkbesite oan Nij Beets. Dêr seach er mei ferantwurdlik steatssiskretaris Wilma Mansveld fan miljeu op it bedriuw fan boer René van Linde. Dy hat syn dak al wol ferfange litten troch sinnepanielen.
Mansveld wiisde der by dy besite op dat der yn 2024 gjin asbesthâldende dakken mear wêze meie. It ryk sil 75 miljoen euro beskikber stelle foar it fuortheljen fan asbestdakken.
Sûnt 2013 kinne boeren subsydzje by de provinsje Fryslân oanfreegje foar it fuortheljen fan asbest en it pleatsen fan sinnepanielen. Dêr is oant no ta noch net in protte gebrûk fan makke. Der is noch mar 15 persint fan it beskikbere bedrach takind. De regeling rint dit jier ôf mar de provinsje hopet op in ferlinging.
Fan de 120 miljoen fjouwerkante meter asbestdakken yn Nederlân sit fierwei it grutste part op boerebedriuwen. Dat komt del op 100 miljoen kante meter.