Dronken Ljouwerter fernielt autospegel op Weaze

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige Ljouwerter is moandeitemoarn betiid oanhâlden nei't er op de Weaze yn syn wenplak de spegel fan in auto fernield hie.
De plysje krige de man op de Stasjonswei yn de gaten en hâlde him oan. De man hie in soad drank op en hy wie balstjurrich. Doe't de plysje syn klean trochsocht, fûnen se in pûdsje mei drugs. De man sit noch fêst.