Soarch oer ferdwinen foarsjennings doarpen

02 mrt 2015 - 08:27

Yn de oanrin nei de provinsjale steateferkiezings meitsje Nederlanners harren it measte soargen oer it ferdwinen fan foarsjennings yn lytse gemeenten. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Ipsos yn opdracht fan de NOS. Wurkgelegenheid en kriminaliteit binne oare ûnderwerpen dy't Nederlanners bot dwaande hâlde.

Oer de rol fan de provinsjes oer de oanpak fan sokke saken tinke minsken ferskillend. Benammen by it ferdwinen fan de foarsjennings soe de provinsje in rol spylje moatte. Fierders docht bliken dat steateleden hast net bekend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)