'In nij lûd' fan start by Omrop Fryslân

02 mrt 2015 - 05:58

Mei de alderearste edysje fan 'Fryslân fan 'e moarn' is moandei om 6 oere de nije radioprogrammearring fan Omrop Fryslân begongen. Yn dit programma, njonken it nijs, ûnder oaren ek de earste kollum fan Nynke van der Zee. Ek de nije kwis 'Ut 'e tiis' is yntrodusearre. Yn dizze kwis wurde in oantal nijsfragminten trochelkoar hinne hearre litten. Wa't de measte fragminten thúsbringe kin, makket kâns op de Omrop Fryslân wekker.

Presintator Jacob Stelwagen siket fierder kontakt mei 'Meunsternimmer' Albert van Keimpema.

Yn dizze deistige rubryk litte tal fan nijsmakkers en krityske nijskonsuminten hearre wat harren opfallen is oan it nijs. Ferslachjouwer Dirk Baron is op in paad yn Frjentsjer en Akkrum by bedriuwen en ynstellings dy't krekt as de omrop ek in nije wei ynslein binne.
De folsleine nije programmearring is hjir te lezen: http://www.omropfryslan.nl/parseberjocht/nij-lud-op-omrop-fryslan-radio

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)