Aaisiker Jinke Kuperus giet gewoan it lân yn

01 mrt 2015 - 15:08

Snein 1 maart is gewoanwei de earste dei wêrop't aaisikers it lân yn meie om te sykjen nei ljipaaien. Dat sykjen mei dit jier ek, mar wichtich ferskil mei foargeande jierren is dat aaisikers de aaien dit jier net meinimme meie. Dat is it gefolch fan in útspraak fan de Ried fan Steat.

Ferneamd aaisiker Jinke Kuperus fan Wurdum is dit jier yn de greiden te finen. Se sil lykas oare jierren gewoan op syk nei ljipaaien. Kuperus is hast 70 jier, mar tinkt net oan ophâlden as it giet om ljipaaisykjen en neisoarch dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)