Wichtich seizoen foar autokoereur Nyck de Vries fan Snits

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits makket him op foar in wichtich seizoen. It 20-jierrige racetalint fan McLaren komt dit jier foar it earst út yn de Formule Renault 3,5 liter. Dit is de raceklasse flak ûnder de Formule 1.
McLaren hat De Vries ûnderbrocht by in talinteteam. Oer twa jier rinne de kontrakten fan de hjoeddeistige Formule 1 koereurs ôf en dus soe der dan in kâns komme kinne foar Nyck de Vries. Hy soe dêrmei de earste Fries wurde yn de heechste raceklasse.