SC Hearrenfean ferliest mei 3-0 by Excelsior

01 mrt 2015 - 14:19

SC Hearrenfean ferlear snein mei 3-0 fan Excelsior. Yn Stadion Woudestein kamen de Feansters al betiid op efterstân. Yn de 5e minút soarge Bruins foar de iepeningstreffer. Nettsjinsteande it oerwicht yn balbesit slagge Hearrenfean der net yn gefaarlik te wurden.

Nei rêst wie it op 'e nij Excelsior dat it fizier op skerp hie. Yn de 50e minút tekene Van Weert foar de 2-0. Ynfaller Henk Veerman wie dêrnei ticht by de oanslutingstreffer, mar hy stuite op de keeper. Yn ekstra tiid sette Vermeulen de tredde Rotterdamske treffer op it boerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)