WK poadium fier fuort foar Margot Boer en Thijsje Oenema

01 mrt 2015 - 14:13

Margot Boer sakke nei de twadde 500 meter op it WK sprint yn Astana fan it fiifde nei it sânde plak yn it klassemint. Boer ried in minne 500 meter mei 38.64 as eintiid, goed foar it tsiende plak. Thijsje Oenema waard fiifde yn 38.27 en stiet no krekt foar Boer yn it klassemint nei trije ôfstannen. De Amerikaanse Brittany Bowe wie opnij de bêste yn 37.71, foar Heather Richardson yn 37.90. Dizze froulju stean ek ien en twa yn it klassemint.

By de manlju wie de Rus Pavel Kulizhnikov op de 500 meter wer de bêste yn 34.68. Hein Otterspeer en Mika Poutala waarden dield twadde yn 35.03. Michel Mulder ward fiifde yn 35.11. Mei noch in 1000 meter te gean stiet Kulizhnikov fierwei earste, foar Otterspeer en Mulder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)