Frou út Kollumersweach komt om by brân yn skuorre

In 41-jierrige frou út Kollumersweach is yn de nacht fan sneon op snein omkaam by in brân yn in skuorre oan de Foarwei. De brân ûntstie krekt foar twa oere yn de lossteande skuorre. Doe't de plysje de bewenners alarmearre, seine se dat de frou mooglik noch yn de skuorre wie. Op dat stuit sloegen de flammen al út it dak.
De brânwacht hat it fjoer blust. De plysje ûndersocht sneintemoarn de restanten fan de skuorre en fûn doe it stoflik omskot fan de frou.