Man út Bakkefean oppakt nei slaanderij yn 'e kroech
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn in kroech oan De Brink yn Bakkefean in 22-jierrige man út dat plak oppakt. De man soe by in rûzje in doarpsgenoat fan 22 jier mei in stok op 'e holle slein ha. De fertochte sit noch fêst. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.