LDODK wit net op 'e nij te stunten tsjin koprinner PKC

28 feb 2015 - 17:15

De kuorballers fan LDODK gongen sneontemiddei mei 33-21 ûnderút by koprinner PKC. Yn Papendrecht stie der by rêst in 15-10 efterstân foar de kuorbalformaasje fan De Gordyk en Terwispel op it boerd. Nei rêst koe LDODK de ploech út Papendrecht net mear byhâlde.

Thús pakte de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool yn desimer noch in ferrassende 23-17 oerwinning op de koprinner. Mar dit kear siet in twadde stunt der dus net yn.

Ferlies wie der ek foar SCO dat in klasse leger mei 22-18 ferlear by Rohda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)