Margot Boer tredde op earste 1000 meter by WK sprint

28 feb 2015 - 15:00

Reedrydster Margot Boer is sneon tredde wurden op de earste 1000 meter by it WK sprint yn Astana. De rydster fan Goaiïngaryp klokte in tiid fan 1.16.33. De winst gong nei de Amerikaanse Brittany Bowe, dy't mei 1.14.10 in nij baanrekôr yn 'e boeken sette. Har lângenoate Heather Richardson einige mei 1.15.03 as twadde. Thijsje Oenema waard mei 1.17.16 achtste.

Yn it klassemint giet Bowe oan de lieding. Sy wûn earder op de dei ek al de 500 meter, Richardson waard doe twadde en stiet ek twadde yn it klassemint. Olga Fatkulina stiet tredde.

Margot Boer fine we werom op it fyfde plak yn it klassemint, Thijsje Oenema is sânde. Snein steane de froulju op 'e nij oan de start op de 500 en 1000 meter.

By de manlju gong de winst nei Hein Otterspeer, dy't in winnende tiid fan 1.08.93 klokte. Nico Ihle út Dútslân waard twadde mei 1.09.10, en koe dêrmei de Rus Pavel Kulizhnikov (1.09.11) krekt foarbliuwe.

Kulizhnikov giet yn it klassemint oan de lieding. Otterspeer stiet twadde, Ihle tredde. Michel Mulder fine we werom op it fyfde plak. Pim Schipper stiet njoggende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)