Thijsje Oenema begjint mei sechsde plak op 500 meter op WK

Thijsje Oenema © awfoto.nl
Thijsje Oenema is op de earste 500 meter by it WK sprint yn Astana as sechsde einige. De Jouster ried 38.30. Margot Boer fan Goaiïngaryp waard yn 38.38 njoggende. Der wie 'dûbele' winst foar Amearika. Brittany Bowe wûn mei oermacht yn 37.59, Heather Richardson waard twadde yn 37.87. De Tsjechise Karolina Erbanová waard tredde yn 38.04. Letter op 'e middei ride de froulju noch de 1000 meter. Snein wurdt der wer in 500 en 1000 meter riden.
By de manlju einige Michel Mulder as twadde op de earste 500 meter. De Olympysk kampioen klokte in tiid fan 34.84 en moast dêrmei de Rus Pavel Kulizhnikov foargean litte. De Rus ried in nij baanrekôr fan 34.56 en wûn dêrmei de earste 500 meter. It tredde plak wie foar de Kanadees Laurent Dubreuil mei 34.89.