PB Skylge wol ûnôfhinklik ûndersyk nei klokliederkwestje

Der moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de 155.000 euro dy't de gemeente Skylge oan in kloklieder betelle hat. Dat seit Guus Schweigmann fan Pleatslik Belang Skylge. De gemeente Skylge betelle de akkountant om op te stappen. Hy hie melding makke fan in boekhâldskandaal en wie kritysk op de begrutting fan de gemeente.
Neffens de gemeente Skylge soe de akkountant syn wurk net goed dien ha en is hy dêrom fuortstjoerd. Ut dokuminten docht neffens de Volkskrant lykwols bliken dat de gemeente him swier oanrekkene dat hy kritysk wie en bleau.
De nije boargemaster fan Skylge, Bert Wassink wurdt mei de kwestje konfrontearre. Neffens him is de gemeenteried akkoart gien en leit in nij ûndersyk net foar de hân. De boargemaster wol leaver in punt achter de kwestje sette.