Ieder(in): "Gemeenten meie thúshelp net samar koartsje"

27 feb 2015 - 21:52

Gemeenten meie hendikepten en groanysk sike minsken net samar koartsje op it tal oeren húshâldlike help. Dat fynt koepelorganisaasje Ieder(in). Earder dizze wike wûn in frou út Koudum in rjochtsaak tsjin de gemeente Súdwest-Fryslân oer it tal oeren hûshâldlike help. Neffens de rjochter koe de gemeente net útlizze wêrom't se net langer trije, mar noch mar ien oere help yn de wike krige.

Neffens Ieder(in) binne gemeenten ferplichte om mei minsken dy't help hawwe of oanfreegje earst in yngreven petear te hawwen oer harren situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)