LAN-party yn Hurdegaryp lûkt fanatike gamers

Tegearre game is leuker as allinnich. Dêrom organissearret Anne Wijning fan 27 febrewaris oant 1 maart in LAN-Party yn It Maskelyn yn Hurdegaryp. Op it evenemint 'Frozen Phoenix' kinne ferskate gamers it tsjin- en mei-inoar opnimme fia it ynternet.
De gamers nimme sels harren kompûter mei om tsjin mekoar te spyljen. De winnaars kinne ferskate prizen winne, mar neffens Wijning giet it dochs foaral om de gesellichheid en it tegearre genietsjen fan it gamen.