Fuotbalfroulju SC Hearrenfean winne by Club Brugge

27 feb 2015 - 21:32

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean wûnen freed mei 3-0 fan Club Brugge. Yn België sette oanfierdster Charissa Burgwal de Feanster froulju rap op foarsprong. Burgwal fersulvere in strafskop nei hands fan de Belgyske froulju. Mei in hoekskop kaam Brugge foar rêst op likense hichte, mar de treffer waard ôfkard omdat keepster Nienke Olthof hindere waard. Fuort dêrnei soarge Sylvia Smit foar de twadde Feanster treffer.

Flak nei rêst makke Yvonne Ploeg der 3-0 fan. SC Hearrenfean einige de wedstriid sûnder Tiny Hoekstra, dy't blesseare útfoel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)