Stichting Leergeld ûntfangt sjek fan 7500 euro

Stichting Leergeld hat freed in sjek fan 7500 euro oerhannige krigen fan netwurkklup JCI Hearrenfean. It JCI hold ferline jier ferskate aksjes om jild op te heljen foar dit goede doel. Der waarden ferskate eveneminten organisearre, lykas de grutte Duckrace.
Stichting Leergeld brûkt it jild om húshâldings mei in leech ynkommen finansjeel te stypjen, sadat bern mei kinne op skoalreiske of bygelyks sporte kinne.