Driuwend advys: lit deade hazzen lizze

Minsken dy't deade hazzen fine, moatte de bisten beslist net meinimme. Dat sizze jager Michiel Brandsma en bistedokter Wim Bosma. De hazzen yn Fryslân wurde troffen troch de sykte Tularemie, ek wol hazzepest neamd.
Tusken Akkrum en Terherne binne al 20 deade hazzen fûn, dy yn it laboratoarium ûndersocht wurde. It giet om in besmetlike sykte, dy't ek op oare bisten en sels op minsken oerdroegen wurde kin. De hazzepest komt benammen yn Skandinavië en East-Europa foar, mar sûnt 2013 ek yn Nederlân. Dit jier is de pest foar it earst yn Fryslân.