Hoareka docht it wer wat better

27 feb 2015 - 16:27

It giet wer better mei de hoareka. De omset yn hotels, restaurants en bars hat yn it lêste fearnsjier fan 2014, sûnt 2008 net mear sa goed west. Lanlik sjoen docht 55% fan de hoarekagelegenheden it goed. De ferskillen binne lykwols grut yn Nederlân. Sa bliuwt Fryslân in bytsje achter by de Rânestêd. Dit komt troch it tanimmende toerisme yn benammen Amsterdam. Fierder nimt it betrouwen yn de takomst ta. De minsken doare wer bûten de doar te iten.

Mar bedriuwen op it plattelân en op de doarpen dogge it minder goed en dat sil foar in part fan de bedriuwen net feroarje, fanwege de konkurrinsje fan sportkantines en doarpshuzen. De takomst foar de hoareka yn de gruttere Fryske stêden sjocht der wol goed út.

Trefwurden: 
ekonomy hoareka
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)