Samsom nei Ljouwert foar festival

27 feb 2015 - 15:36

Listlûker Diederik Samsom fan de PvdA komt sneon nei Ljouwert om in besite te bringen oan it takomstfestival Duorsumens. Dit festival wurdt hâlden yn it kampusgebou fan wetterkennisynstitút Wetsus. Jannewietske de Vries, listlûker fan de PvdA yn Fryslân, sil Samsom it wenningplan 'Wenjen foar elkenien' oerlangje. It plan is it twadde fan de trije plannen foar Fryslân dy't de PvdA presintearret. Earder ferskynde al it soarchplan 'Soarch foar elkenien'.

Trefwurden: 
PvdA Diederik Samsom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)