Weststellingwerf oan de slach mei braaklân yn Noardwâlde

Mei de oankeap fan in stik braaklân oan de Haadstrjitte East yn Noardwâlde kin de gemeente Weststellingwerf lang om let oan de slach mei de oanpak fan de rotte kies yn it sintrum fan it doarp. Earder al kocht de gemeente it âlde gebou fan de Fixet, dêr't sloopplannen foar binne. No't de gemeente ek eigener is fan it njonkenlizzende perseel kin der in kompleet nij plan makke wurde foar de Haadstrjitte East. Dit plan wurdt makke yn gearwurking mei de wurkgroep Buitengewoon Noordwolde.