Fertochte oanhâlden foar strjitrôf Ljouwert

(foto-ympresje) © Omrop Fryslân
In 44-jierrige man út Ljouwert is freed oanhâlden foar de strjitrôven yn de stêd. Hy soe hjir neffens de plysje by belutsen west hawwe. De plysje kaam de man op it spoar nei ûndersyk, en slút meardere oanhâldings net út. De ôfrûne tiid waarden der tweintich strjitrôven yn Ljouwert meld by de plysje. Nei alle gedachten binne der folle mear minsken berôve, mar dy hawwe dit net trochjûn oan de plysje. De plysje ropt slachtoffers fan strjitrôf op om dochs oanjefte te dwaan.