VVD Menameradiel bliid mei opstappen Verheijen

De VVD Menameradiel is tefreden dat Mark Verheijen opstapt as VVD-Twadde Keamerlid. Hy docht dat nei in kritysk rapport fan de yntegriteitskommisje fan de partij. Verheijen kaam yn opspraak nei beskuldigings fan korrupsje en rommeljen mei deklaraasjes. De VVD Menameradiel skreau earder al in brief oan it lanlik partijbestjoer oer de kwestje. Dêryn sei de partij al dat Verheijen op non-aktyf set wurde moast. Foarsitter Hendrik Terpstra fynt it dan ek in goeie saak dat hy no syn lidmaatskip fan de Twadde Keamer delleit.