El Makrini werom yn de basis by Cambuur

Mohamed El Makrini komt wer werom yn de basis by Cambuur yn de thúswedstriid sneon tsjin Heracles Almelo. Hy hat gjin hinder mear fan de blessuere dy't him ferline wike parten spile. Mikhail Rosheuvel kin sneon net spylje. De oanfaller hat de gryp hân. Sinan Bytyqi is syn ferfanger oan de linkerkant. Ogbeche stiet yn de spits en dat betsjut dat Martijn Barto op de bank begjint. "In drege beslissing" neamde trainer Henk de Jong dat. Calvin Mac-Intosh is ek net fit. Dat betsjut dat Bijker wer yn it sintrum spilet en Vytas linksback is.