Ljouwerter hat hûn swier ferwaarloazge
In Ljouwerter fan 55 jier hat tongersdei in proses-ferbaal krigen fan de plysje om't er syn hûn swier ferwaarloazge hat. De poedel wie tige meager. De hûn is nei in bistedokter brocht, mar dy hat it bist ynsliepe litten. De plysje kaam de Ljouwerter op it spoar nei in tip.