Man rekket ferwûne by ûngelok yn Burgum

27 feb 2015 - 11:17

In 40-jierrige man út Burgum is tongersdei ferwûne rekke oan de rêch by in ûngelok yn syn wenplak. De man ried op in scooter en waard op de Dokter B. Hornstrasingel skept troch in auto. De 47-jierrige automobilist helle in parkearde auto yn en hat de scooterrider nei alle gedachten oer de holle sjoen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)