Berôving op de Vredeman de Vriesstrjitte yn Ljouwert

26 feb 2015 - 23:12

Op de Vredeman de Vriesstrjitte yn Ljouwert hat tongersdeitejûn om healwei tsienen in berôving plakfûn. De plysje rôp fia Burgernet minsken op om út te sjen nei in donkere man yn donkere klean en in mûts op.

De man fytste nei de berôving rjochting it Vliet. Der is noch nei de man socht, mar hy is úteinlik net fûn. De plysje docht ûndersyk nei it slachtoffer en nei wat der krekt stellen is. It is al de tweintichste berôving yn Ljouwert yn koarte tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)