Direkteur Meindert Bosklopper fan de Meldij leit funksje del

26 feb 2015 - 22:01

Meindert Bosklopper, direkteur fan keunstsintrum de Meldij yn Drachten, leit syn funksje mei yngong fan 1 maart dit jier del. Yn septimber 2016 wurdt de stekker út de Meldij lutsen en sille alle aktiviteiten troch skouboarch De Lawei útfierd wurde.

Bosklopper hat oanjûn syn funksje dêrom del te lizzen. John Buissink is oansteld as nije direkteur. Bosklopper hat yn totaal fiif jier direkteur west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)