Klok út Planetarium Frjentsjer ûnder de hammer

26 feb 2015 - 15:51

It Planetarium yn Frjentsjer rekket mooglik in djoere klok kwyt. It giet om in grutte Astroklok, dy't op de twadde etaazje stiet. De klok is net fan it museum. Eigener is de bank, dy't de klok feile wol. Tongersdei wie der in spesjale sjochdei foar minsken dy't it bysûndere oerwurk graach hawwe wolle.

De startpriis leit op 10.000 euro, mar neffens berjochten út 2012 soe de klok wolris twa ton wurdich wêze kinne. It Planetarium hat dat jild net, en hat no har hoop festige op in keaper dy't de klok opnij yn brûklien jaan wol oan it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)