Gemeente Hearrenfean ferfangt alle stiennen dug-outs

De stiennen dug-outs op de bûtensportkompleksen fan de gemeente Hearrenfean ferdwine. Se wurde ferfong troch eksimplaren fan aluminium en pleksyglês. Op seis gemeentlike sportfjilden steane meielkoar no noch tolve stiennen dug-outs. De gemeente stelt 24.000 euro beskikber om dy te ferfangen. De sportferienings moatte de stiennen dug-outs sels ôfbrekke en de nije eksimplaren ek sels pleatse.
Yn maaie ferline jier stoarte yn Twizel in stiennen dug-out yn. Dêrby kaam in famke fan tsien jier om it libben en rekken fiif bern ferwûne.