KNVB Noard wiist plan foar langere winterstop net ôf

26 feb 2015 - 11:45

De KNVB distrikt Noard wiist it plan fan fuotbalklup SC Frjentsjer foar in langere winterstop, net op foarhân ôf. Foarsitter David Woortman jout ta dat jannewaris en febrewaris net de meast geskikte moannen binne om te fuotbaljen. Tagelyk wiist hy derop dat in langere winterstop wol betsjut dat it fuotbalprogramma yn maaie en juny trochrint en it dan aardich drok wurde kin.

SC Frjentsjer begûn in petysje om de winterstop te ferlingen oant begjin maart. Ek de Harnzer fuotbalclub Zeerobben fielt wol wat foar in langere winterstop.

Zeerobben hat keunstgersfjilden en kin dêrtroch de hiele winter trochtraine en wedstriden spylje. Neffens de Harnzer klup ferrint de kompetysje lykwols earliker as de winterstop langer duorret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)