Taksateurs Faunafûns: "Skea yndied tige grut"

Taksateurs besjogge de skea fan de mûzepleach © Omrop Fryslân, Harm Weistra
It Faunafûns hat ein dizze wike de helte fan it boerelân taksearre op mûzeskea. Dat seit Johan Wesselink, konsulint fan it Faunafûns. De taksateurs konstatearje oant no ta dat de skea yndied tige grut is.
De provinsje hat it Faunafûns oant 15 maart de tiid jûn om de taksaasje út te fieren. Der moat sa'n 35.000 hektare ynspektearre wurde.