Hûnebaaskes yn Menameradiel moatte stront better opromje

Hûne-eigeners yn Menameradiel moatte de stront fan harren hûnen better opromje. Neffens de gemeente smite in soad eigeners de stront yn de putten en kolken, dy't bedoeld binne foar de ôffier fan it reinwetter. Troch de stront reitsje de putten ferstoppe. Dat soarget neffens de gemeente foar sûnensrisiko's, benammen foar boartsjende bern. Dy kinne slim siik wurde as se de hûnestront oanreitsje.
Wa't de stront net oprommet, kin in boete krije fan 115 euro.