Hurdrider út Balk rekket rydbewiis kwyt

26 feb 2015 - 07:28

In 25-jierrige automobilist út Balk moast woansdei syn rydbewiis ynleverje. De man ried op de N359 by Riis 173 kilometer yn de oere, dêr't 100 kilometer it maksimum is. Der is proses-ferbaal opmakke. De standertstraf dy't hjir foar stiet is dat de man syn rydbewiis fjouwer moanne kwyt is en in boete krijt fan 1150 euro.

Trefwurden: 
rydbewiis Balk hurdrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)