Poepjes: "Spitich dat trajektkontrôle ferdwynt"

25 feb 2015 - 19:58

Deputearre Sietske Poepjes is it der folslein net mei iens dat de saneamde trajektkontrôles ferdwine út Nederlân en dus ek út Fryslân. It Iepenbier Ministearje wol der net mei fierder.

It middel tsjin te hurd ridende minsken wurdt no noch mar kwalik brûkt yn Fryslân; allinnich op de N381 by Wynjewâld stiet noch in trajektkontrôlesysteem. Dy peallen ferdwine omdat der in nije dyk makke wurdt. Dochs is Poepjes goed te sprekken oer de resultaten en wol sy it middel net kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)