Dokkum ferpleatst sporthal en gymseal nei Tolhúspark

25 feb 2015 - 19:30

Sporthal de Trimmer en gymlokaal Hoedemakerspolder yn Dokkum kinne ferpleatst wurde nei it Tolhúspark. Ut ûndersyk fan de gemeente Dongeradiel hat bliken dien dat der genôch partijen ynteressearre binne om de nij te bouwen akkommodaasje op dat plak te eksploitearjen. De sporthal en gymseal sille dan oan it al besteande swimbad fêstboud wurde.

Bedoeling is dat de gemeente no 75.000 euro útlûkt foar de oanbesteging en dat de takomstige útbater yn gearwurking mei boubedriuwen de nijbou op him nimt. De gemeente jout dan jierliks subsydzje.

De gemeenteried mei him op 26 maart noch útsprekke oer dit plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)