Duo op It Hearrenfean oppakt foar drugshannel

© ANP
Twa manlju binne tiisdeitemiddei op It Hearrenfean oppakt foar drugshannel. De fertochten, in 54-jierrige man fan It Hearrenfean en in 42-jierrige man út Surhuzum, hienen earder op de middei yn it sintrum fan Ljouwert drugs ophelle. In plysjeman hat it duo folge. Yn it sintrum fan It Hearrenfean waard it duo oanholden. De plysje fûn in pear gram heroïne en in pear wikkels mei noch ûnbekende floeistof by de manlju. Wat dat is, wurdt noch ûndersocht. De manlju sitte noch fêst.