Noch trije dagen foar it nije lûd: Thúskomme mei Harm

27 feb 2015 - 06:00

It begjint no rap tichteby te kommen: de start fan de nije radioprogrammearring by Omrop Fryslân. Kommende moandei is it safier. En tusken 16 en 18 oere is dan de allerearste ôflevering te hearren fan it nije programma ‘Weistra op wei’, mei Harm Weistra.

“Ik wurkje al hast 15 jier by Omrop Fryslân, mar it presintearjen fan in deistich programma is in leuke, nije stap yn myn omropkarriêre.” It radiomeitsjen is lykwols bepaald net nij foar Harm.

“Doe’t ik in jier as 16 wie siet ik al efter de mikrofoan by piratestjoerders en Radio Noardeast Fryslân, de lokale omrop yn Dokkum. By Omrop Fryslân ha ik de earste jierren foaral wurke as ferslachjouwer foar de televyzje. In jier as fjouwer lyn kaam dêr lykwols radiowurk by, op sneintemiddei. En no dus alle dagen, fan 16 oant 18 oere.”

It Fryske nijs wurdt in belangryk ûnderdiel fan ‘Weistra op wei’, mar it programma is wol dúdlik mear as dat. “It wurdt hiel farieard, as it oan my leit. Dan kinst tinke oan in persoanlik petear, in diskusje oer in aktueel ûnderwerp en ferslachjouwers dy’t live ferslach dogge fan eveneminten of gebeurtenissen. Mar derneist wol ik ek in hiel protte, moaie muzyk draaie.”

“De ein fan de middei is in drok momint fan de dei. Jo ride fan it wurk nei hûs, de bern moat ophelle wurde fan de opfang of by freontsjes wei, der moat noch boadskippen komme, der moat iten sean wurde. By dat ritme wol ik oanslute mei Weistra op wei.”

Weistra op wei: dêr kin je mei thúskomme, moandei o/m freed fan 16.00 - 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)