Wer fjoerwurkbom by plysjeburo It Hearrenfean

Achter it plysjeburo op It Hearrenfean is op 'e nij in fjoerwurkbom smiten. Om healwei twaen hinne smiet in man fan ûngefear 1 meter 90 in swier eksplosyf op in binnenplak achter it buro. Begjin febrewaris is dêr ek alris swier fjoerwurk achterlitten. Doe rekke in plysje-auto skansearre. It is net dúdlik oft der no ek skea is. De fertochte is op in fyts útnaaid.
De plysje hâldt der rekken mei dat it yn beide gefallen om deselde dieder giet.