Nominaasje foar teater as maatskiplik útstapke

It Posthuis Theater op It Hearrenfean is nominearre foar de titel 'Meast maatskiplike útstapke fan Nederlân' fan de ANWB. It teater is ien fan de sân nominearren. De oare ynstellings sitte ûnder oare yn Amsterdam, Den Haach en Venlo.
De útstapkes binne nominearre om't se maatskiplik relevant binne en in positive bydrage leverje oan de mienskip. Ek sette se har yn foar minsken mei in achterstân of beheining. Op 30 maart makket de ANWB bekend hokker ynstelling it meast maatskiplike útstapke fan Nederlân 2015 is.