Gemeenten moatte mear dwaan om adresfraude op te spoaren

De gemeente Ljouwert fynt it goed dat minister Ronald Plasterk mei jild komt foar ekstra kontrôles op adresfraude. Minsken brûke bygelyks in falsk adres om útkearingen te ûntfangen of boetes te ûntwiken. De gemeente Ljouwert die ferline jier al mei oan in pilotprojekt. Sy wurken gear mei oare organisaasjes, lykas it CJIB, dy't faak mei deselde adressen problemen hawwe. It kabinet hopet mei de ekstra kontrôles 15.000 ekstra fraudegefallen op te spoaren. Dit soe mei elkoar sa'n 30 miljoen euro yn it jier opsmite.
Minister Ronald Plasterk ropt gemeenten woansdei yn in brief op om ekstra húsbesites te dwaan.