Ljouwerter oppakt foar mishanneling

25 feb 2015 - 11:45

Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitenacht in 20-jierrige ynwenner fan de stêd oppakt nei't er in oare Ljouwerter mishannele hie. De fertochte krige spul mei de man, sloech him dêrby yn it gesicht en naaide doe út. De plysje koe de fertochte letter yn in hoarekagelegenheid yn de Doelesteech oanhâlde. Op it buro is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)