Gaslek yn Beetstersweach
Yn Beetstersweach is woansdeitemoarn in part fan de Vlasleane ôfset fanwege in gaslek. Dat ûntstie by graafwurk. Monteurs fan gasbedriuw Enexis binne dwaande om it lek te meitsjen. De brânwacht hat it lek in skoft yn 'e gaten hâlden, mar is wer nei de kazerne.