Stipe foar aksjegroep tsjin gasboarjen Skylge

25 feb 2015 - 10:18

De aksjegroep GasTvrij Terschelling is sûnt tiisdei in feriening. De organisaasje hopet sa sterker te stean yn eventuele beswierprosedueres oangeande de fergunningsferliening fan Tulip Oil foar it boarjen nei gas op it waadeilân. De feriening krijt fan rederij Doeksen tastimming om op de fearboaten leden te winnen.

De petysje dy't GasTvrij Terschelling op de webside hat, is yntusken troch al 12.000 minsken ûndertekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)